Wa’t de melody en de folsleine tekst eefkes kwyt is; gjin noed!
De Top&Twel Sjongers helpe jo hjir graach op wei.

Top&Twelster folksliet
By It Sprútsje hinget dizze túnposter mei dêrop it earste kûplet fan it Top&Twelster folksliet. De tekst is jierren lyn skreaun troch Sjirk Wijbenga dy’t earder oan ‘e Noardein wenne. Hy hie doe grif net betinke kinnen dat syn tekst ea op in túnposter komme soe.