2022-06-06 15:55:51
maandag 6 juni 2022

Folkert en Tsjerk hâlde de moed der yn!

It is diskear in swiere edysje fan de fytsalvestêdetocht mei in soad reinwetter en hurde wyn. Under de trochsetters fine wy Folkert Visser en Tsjerk Bouwhuis út Top en Twel dy't yn Snits eefkes in rêstmomintsje pakke.

"It is dreech", jout Folkert ta. "Fanôf Dokkum hiene wy de wyn tsjin". "Noch eefkes trochpakke it lêste stik troch de súdwesthoeke en nei de trochkomst yn Starum mei de wyn yn de rêch wêr op nei Boalsert ta", litte de mannen fol goede moed witte! En oan de 'smile' fan ear ta ear te sjen, hoege wy der net oer yn te sitten dat se de einstreek net helje sille.


advertentie