2022-06-09 19:52:50
donderdag 9 juni 2022

Doarpsfeesten traapje ôf mei in optocht!

De doarpsfeesten binne nei trije jier werom yn Top en Twel en steane diskear yn it teken fan de 'Sixties'. Fannejûn waard útein set mei in optocht. In bûnt spektakel gie fan Top'63-kantine oant de Greate Sudein en makke der in moaie show fan, alhiel yn de styl fan dy moaie en rebelske 60-er jierren

In moaie opwaarmer ek foar in pear dagen feest yn ús doarpen, foar eltsenien. Jong en âld. Rin it programma der mar eefkes by lâns. Der sit grif wat foar jim by. Wy sjogge jim graach yn de tinte op it iisbaanterrein de kommende dagen!

En wa't de optocht mist hat, sneontemoarn komt it hiele selskip wer in kear foarby!


advertentie