2022-06-22 08:41:23
woensdag 22 juni 2022

Boereprotest: Gerben Homsma út Top en Twel is ûnderweis nei Stroe

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort fan Omrop Fryslân wie fannemoarn betiid op De Jouwer dêr't de boeren om 6.15 oere sammelje. Mei de boeren dy't by It Hearrenfean sammelje ride se troch nei De Lemmer en gean dan de dyk op rjochting Bant yn de polder en dan op nei Stroe yn Gelderlân.

Gerben Homsma (21) fan Homsma Agriservice is op De Jouwer. "Ik doch mei om lûd te jaan. Der wurdt ús ûnrjocht oandien. It stikstofprobleem kinst net sa iensidich oplosse. Sjoch ek nei oare oplossingen lykas ynnovaasjes. Wy wolle ek wol bydrage, mar net allinne. It stikstofprobleem is fan elkenien, de oplossing moat net fan boeren allinne komme, mar ek fan oare sektoaren."

Folgje it liveblog op Omrop Fryslân oer de protestdei fan de boeren.

Bron: Omrop Fryslân 
Foto: Willem Vermeltfoort

 


advertentie