2022-06-26 19:54:52
zondag 26 juni 2022

ZOU silerij tige slagge!

Hast 100 dielnimmers hiene harren ynskreaun foar de sylwedstriden fan de ZOU dit wykein op de Brekken. Dat betsjutte dat er foar it earst yn jierren wer yn 4 poules syld wurde moast. Neffens ZOU saakkundigen soe dat foar it lêst west hawwe mei it 75 jierrige jubileum, 23 jier lyn.

In grut sukses diskear dus foar de hast 100 jierrige feriening en it waar siet ek geweldich mei. Fanôf de tribune oan de ZOU-steger, it ponton wêr 't de taskôgers en dielnimmers it wedstriidfjild oereagje kinne, wie it in noflike en foaral gesellige sit. Mar it bliuwt wedstriidsilerij, dus wat er op it wetter bart yn de poulewedstriden wurdt fanôf 'de tribune' ek mei oandacht folge. 

En dan de wyn. Dy kaam út ferskate hoeken en wie der soms net, faak wol. Mar ûnder de ZOU silers moat de silerij no krekt net al te standert wêze, want at je no wol of net in begjinner binne, yn sa'n wykein is it it moaiste at de wiere siler yn je nei boppen komt. Dan mei de wyn wol wat pleagje.

De útslaggen fan ZOU 2022


advertentie