2022-07-02 15:41:26
zondag 3 juli 2022

Hynstemiddei

Op guon huzen stiet, almeast yn kreas skrift, in namme. Ek hjir yn ús doarpen kinst se fine. Yn 't Hollânsk, Frysk of sels yn 't Latyn. Weltevree, Geasicht, Linquenda om mar in pear te neamen. "Op ús pôltsje" en "Hjeljoun" wie der eartiids te lêzen op in pear gevels op 'e Noardein. Aldere streeksters sille grif noch wol witte hokker dat wiene.

Jan en Alie v.d. Kuur (Mensonidesstrjitte) hawwe, nei in ûnderhâldsbeurt, de namme wer te plak hongen. "Hynstemiddei" sil grif in soad minsken net bekend foar komme. It betsjut "Middernacht". Yn de heidenske mytology waard it hynder beskôge as in oan de goaden wijd dier. It 'godlike' hynder waard dêrom troch de kristlike missionarissen oer ien kaam skeard mei tsjoensters en nachtlike ferskynsels dy 't de fersprieding fan it kristendom yn 'e wei stiene. Mei dizze ferklearing kaam de njoggentjinde-iuwske taalkundige Joast Hiddes Halbertsma.


advertentie