2022-07-09 21:27:04
zaterdag 9 juli 2022

Henk Sybesma en Jeroen Veenema betwinge De Frysman

It Reaklif by Warns is it sintrum fan De Frysman, de iennige triathlon fan Fryslân, en dat betsjut hast 4 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en krekt mear as 42 kilometer hurddrave. It dekôr fan De Frysman is de Iselmarkust en Gaasterlân. Moai mar ferhipte dreech. Foaral de meardere passaazjes by it Reaklif, wêr it eefkes flink omheech giet, wurde geandewei de tocht hieltyd swierder.

Under de 185 dielnimmers giene Jeroen Veenema en Henk Sybesma út Top en Twel sneontemoarn om 7.00 oere it wetter fan de Iselmar yn om earst 3,8 kilometer te swimmen, it begjin fan de meunstertocht en de striid tsjin de eleminten.

Beide striders út ús doarpen ha nei it swimmen, fytsen en hurddraven de triathlon folbrocht. Sneontejûn kaam Henk as 119e oer de einstreek yn in tiid fan 13:16:49. Jeroen hat der krekt wat langer oer dien. Hy waard 136e (14:21:49).

Lokwinske mannen, in prestaasje fan formaat. Respekt!


Foto's: Frank Visser


advertentie