2022-07-13 10:56:53
woensdag 13 juli 2022

Groep 8 derút smiten!

Mei in grutte sprong it wetter fan de fiver yn; sa heart dat op ‘e lêste skoaldei fan de 8ste groepers!
Justerjûn stienen se noch op ‘e planken mei harren ôfskiedsmusical ‘Wie steelt de Show?’ No, dêr is mar ien antwurd op mooglik: Allegear, stik foar stik talinten op it poadium! Se spilen en songen as hienen se nea oars dien. 

Mar no sit it der hjir op foar dizze groep 8; genietsje fan jimme fertsjinne fakânsje en dêrnei in hiel soad sukses en wille op jimme nije skoalle. 


advertentie