2022-08-20 21:41:46
zaterdag 20 augustus 2022

Hanneke Westert no ek Frysk Kampioen Fierljeppen!

Sneon wie it FK Fierljeppen yn Winsum en dêr hat Hanneke Westert út Top en Twel de Fryske titel by de famkes pakt. Mei in sprong fan 15,79 meter wie sy de bêste. Hanneke waard ferline jier al Nederlânsk kampioen by de famkes mar Frysk Kampioene wie ús doarpsgenoate noch net. Dat is no dus rjocht setten. It is it lêste jier foar Hanneke by de famkes.

Hanneke wie mei har 15,79 meter ek noch eefkes yn de striid foar de Glêzen Ljepster, de fierste ôfstân fan alle froulju, mar dêr gie earst Tessa Kramer en letter Marrit van der Wal noch oerhinne.

Lokwinske Hanneke mei de Fryske titel by de famkes!


advertentie