2022-10-02 17:42:29
zondag 2 oktober 2022

In moai begjin fan 'in nije dei' mei Cantabilé

Yn de Johannestsjerke wie it fannemoarn genietsjen fan in hiel moai optreden fan it koar Cantabilé. Dit koar út ús doarpen bestiet út 18 leden en stiet ûnder lieding fan Luuk Visser. Foar de tsjerkegongers songen sy prachtige lieten, wêrûnder 'In Nije Dei'.

'In Nije Dei' wie ek it tema fan de Iepen Doartsjinst yn de tsjerke, dy't laat waard troch dûmny Nicolle Pronk. "Sa moai om te sjen mei hoefolle wille Cantabilé sjongt. Dat mei woliris beneamd wurde", sa lit ien fan de tsjerkegongers witte. Foar de tahearders wie it yn elts gefal in prachtich begjin fan dizze moaie dei. Mei tank oan Cantabilé!


advertentie