2022-10-16 12:33:15
zaterdag 15 oktober 2022

Feestlike iepening fan it nije Plattelânswinkeltsje

Nei moannen tarieding is it fernijde Plattelânswinkeltsje 'Oan it Wiid' sneontemoarn iepene. It winkeltsje hat in moai plakje krigen yn de wiidse omjouwing fan de Eastpolder by de pleats fan de famylje Feenstra oan de Eastwei. Neist it brede en fariearre oanbod kinne de besikers folop genietsje fan de rêst en de romte fan de omjouwing yn de Eastpolder.

Nei it iepeningswurd fan doarpsboargemaster Visser wie it dêrnei de eare oan Brechtsje Feenstra sels om it lint troch te knippen en dêrmei it Plattelânswinkeltsje offisjeel te iepenjen. Underwilens stie foar de belangstellenden kofje en it gebak klear en koene sy nei alle plichtplegings it romme assortiment yn en om it winkeltsje  besjen.

Yn it assortiment
Farske aaien, pompoenen en klabatsen, pluktún mei Dahlia's, stoofparkes, spesjale kadootsjes, blomdekoraasje, eigenmakke poppeguod fan LinDiezijn, earmbantsjes, kettinkjes, hierdekoraasje en earrinkjes, Flevosap en meikoarten stiet der ek in friezer mei hearlike hâldbare lekkernijen.

Jim binne fan herte wolkom yn it nije Plattelânswinkeltsje.


Geplaatst door: Plattelânswinkeltsje

advertentie