2022-11-11 14:30:55
vrijdag 11 november 2022

Taizétsjinst yn de Johannestsjerke

Takom snein wurdt der yn de Johannestsjerke in Taizétsjinst hâlden. Hjirby wurdt inkelt musyk brûkt út it Frânske kleaster Taizé. De musyk is meastens in koart ferske dat in protte werhelle wurdt. Tusken de lieten wurden der ek inkelde teksten útsprutsen.

Fierders is der ek in nachtmiel. Der is begelieding fan in gitaar en in fioele en der binnen inkelde sjongers om it sjongen te stypjen. It wurdt in oars-as-oars tsjinst! Jim binne fan herte útnoege dizze bysûndere tsjinst by te wenjen en te belibjen.

De kleastermienskip fan Taizé leit yn it eastlik part fan Frankryk (Bourgondië), net fier fan de grins mei Switserlân. Tûzenen jongeren út hiel Europa komme jierliks nei Kleaster Taizé foar besinning en mekoar te moetsjen.


advertentie