2022-11-24 19:40:00
donderdag 24 november 2022

Teaterfoarstelling ‘Bijke’ op sneon 3 desimber yn it Harspit

It giet dat it slydjaget mei de kaartferkeap fan de teaterfoarstelling 'Bijke' yn it Harspit op sneon 3 desimber. Hast oeral wêr dizze foarstelling te sjen is, is de seal útferkocht en it liket derop dat dit yn it Harspit ek barre sil.

Wolle jim noch kaarten bestelle foar 'Bijke', wachtsje dan net te lang mear, want it giet wier hiel hurd.

'Bijke' is in prachtige Fryske teaterfoarstelling oer mei elkoar wêze en allinne wêzen. It stik wurdt spile troch Joke Tjalsma en Theun Plantinga mei in spesjale haadrol foar it hûntsje Bobbie as Bijke. Mear ynfo oer de foarstelling en de kaartferkeap fine jim op: 

https://www.vanplan.nl/uitje/pier21---bijke-mfc-it-harspit-oppenhuizen-39824839


advertentie