2023-03-19 13:14:45
zondag 19 maart 2023

Jierfergadering Fûgelwacht mei gastsprekker Tjitse Kuipers

Maitiid is kommendewei en dat betsjut dat it wer tiid is foar de jierfergadering fan de Fûgelwacht. Moandeitejûn binne jim fan herte wolkom om de gearkomste by te wenjen yn Kafee De Buorren.

Want ek diskear is dat wer de muoite wurdich. It bestjoer is der yn slagge Tjitse Kuipers út De Harkema as gastsprekker út te noegjen. Kuipers is in fjildman yn hert en siel en folget in oplieding ta ynternasjonaal wyldernis gids. Hy sil op fassinearjende wize fertelle oer dizze unike oplieding en oer syn reizen nei en troch de wyldernis fan Canada en Midden Europa. Dit wurdt in tige nijsgjirrige lêzing dy't jim net misse meie!

Jierfergadering Fûgelwacht, moandei 20 maart fanôf 20.00 oere yn Kafee De Buorren. Oant dan!

Wurklist Jierfergadering 


advertentie