2023-05-03 19:15:00
woensdag 3 mei 2023

'Wat is dyn medisyn?'

Paracetemol, ibuprofen en amoxicilline. Voorbeelden van medicatie die in Nederland veelvuldig gebruikt worden. Maar zijn er ook andere manieren om pijn te verlichten of donkere wolken over te laten trekken? Muzikant en oud inwoner van Top & Twel Dina Popma heeft misschien niet alle antwoorden, maar deelt graag haar medicijn met ons. “Koese, krûpe, dûnsje, stilte, sjonge en der is noch safolle mear!”

It sjongen, dêr meie de doarpsbewenners oankommende snein fan mei genietsje. Dina Popma sil fanôf 15.00 oere yn de Hermes-Tsjerke har Fryske ferskes heare litte. De redaksje gie mei har yn petear.

Medisyn
“Frysk is in moaie taal om yn te sjongen. It hat in soad klankkleur, mear as it Nederlânsk. It is sêfter en melodieuzer”, neffens Dina. Dat Dina yn har memmetaal sjongt is net sa fanselssprekkend. Ek al is se hikke en tein yn Toppenhuzen, as jongfaam sloech se al gau har wjukken út, de wide wrâld yn. Ûnder oaren om te studearjen yn Zwolle mar der folgen ek reizen en projekten yn it bûtenlân. Yndia, Thailân en West-Afrika ynspirearren Dina en der kaam in Ingelsktalich album mei ferskes wêr’t de ferskate muzykynfloeden yn werom te finen binne. De leafde brocht har úteinlik nei Hippolytushoef wêr’t se tegearre mei har man, hynders en hûntsjes wennet. Dochs is Dina de lêste moannen wer in soad yn Fryslân te finen. Yn gearwurking mei Stichting Alde Fryske Tsjerken en Popfabryk docht se dit foarjier in toernee troch de hiele provinsje. Se spilet yn meardere tsjerken en op poadia mei nije ferskes dy’t spesjaal foar dit projekt makke binne. Se foarmje it album ‘medisyn’.

Werom nei de basis
“Ik woe graach ferskes yn it Frysk skriuwe mar it moast wol earne oer gean. Fan betsjutting wêze”, sa sei Dina. “Ik frege my ôf wat ik doch om te besinnen en wêr’t de antwurden wei komme. Wat is eins myn medisyn at it net goed mei my giet? Witst wol dat mear as de helte fan de befolking wat groanysk ûnder de lea hat? Der binnen medisinen foar, mar we kinne better sjen wer’t it wei komt of wat it fersterket. Minsken reitsje yn dizze maatskippij hieltyd mear harren gefoel fan feilichheid kwyt en dus is it wichtich om werom te gean nei de basis. Nei de lytse ienfâldige dingen dy’t binnen it berik lizze en ús better fiele litte. Yn de pandemytiid hearden we net foar neat faak it wurd ‘huidhonger’. It hawwen fan sûne relaasjes, op hokfoar wize dan ek, is o sa belangryk.”

Boek
No klinkt dit jo miskien wat swier of gewichtich yn de earen, mar sa binne de ferskes fan Dina net. De teksten binne leechdrompelich en de muzyk (ûnder oare gitaar) is melodieus en ferrassend. “De earste kear dat ik dizze ferskes foar it publyk song, kaam der safolle ‘power’ frij. Ik ha der nocht oan om dit ek yn myn berteplak te dwaan.” Mar der is noch mear. Neist de ferskes is der ek in boek útbrocht. Hjir stean de lietteksten yn, gedichten, spoken word en ynterviews mei minsken oer harren fyzje op ‘medisyn’. Sa komme in herborist, arts en krûdegenêskundige oan it wurd. “Yn it boek sitte ek lege bledsiden foar eigen tinzen en ideeën oer ‘medisyn’.” 

Foar Dina is ien fan har medisinen mei har Fryske hynder lâns de seedyk rinne. Yn har ferskes rinne we snein eefkes mei har mei.

Zondag 7 mei 2023 (aanvang 15.00 uur)
Hermes-Tsjerke (Buorren 59 in Uitwellingerga)
Entree: 10 euro

Tekst: Monica Jorna


advertentie