2023-08-28 17:41:11
maandag 28 augustus 2023

Optreden Mienskipsorkest by It Harspit

Op woansdeitejûn 30 augustus spylje de muzikanten fan ferskate Mienskipsorkesten om 19.30 oere by MFC It Harspit. It orkest stiet ûnder lieding fan Guus Pieksma. De muzikanten riede har mei dit konsert ta op de jierlikse fyts- en muzyktocht.

It orkest bestiet út folwoeksen muzikanten dy’t it spyljen allegear op lettere leeftyd leard ha. By it Mienskipsorkest stiet it plesier foarop. In entûsjaster orkest silst net gau fine! It orkest spilet lekker yn it gehoar lizzende en fleurige muzyk.

It konsert is bûten by It Harspit. By min waar is it binnen. Publyk is fan herte wolkom. De bar is iepen!

Sjoch ek: https://mearmeimuzyk.nl/


advertentie