Koraalorkest Hymne stiet ûnder lieding fan dirigent Willem Flisijn mei orkestleden dy't ek út Top en Twel komme. It konsert begjint snein om 15.30 oere en de yntree is 6 euro, foar bern oant 13 jier is it fergees. Nei ôfrin stiet de glühwein en de poeiermolke klear, oanbean troch Hymne. Jim binne fan herte wolkom!

Krystkonsert Hymne yn de Hermes-tsjerke
Kryst is kommendewei en dat betsjut dat it wer tiid is foar it jierlikse krystkonsert yn de Hermes-tsjerke fan Twellingea. Ek dit jier, op snein 17 desimber, sil koraalorkest Hymne wer in ferskaat oan lieten hearre litte alhiel yn de sfear fan kryst.