2024-01-16 16:13:22
dinsdag 16 januari 2024

Boadskippen sutelje yn de snie

De meiwurkers fan de Rijdende Winkel litte harren net út it fjild slaan troch in pear sniebuien. Fannemoarn wienen se, nettsjinsteande it winterske waar, gewoan oanwêzich mei de wein en soargen derfoar dat net ien yn Top en Twel sûnder boadskippen kaam te sitten.

De boadskippen wurde sels oan hûs besoarge. Ek yn 2024, litte se op harren Facebook-side witte.


advertentie