2024-02-29 16:55:53
donderdag 29 februari 2024

Boatreiske 60 plus: It giet oan!

Hâld tongersdei 25 april mar frij in jim aginda's, want dan fynt it boatreiske foar de 60 plussers plak. Werris in kear in boatreiske organisearre foar de âlderen út ús doarpen, dat wie de winnende krystwinsk fan ôfrûne kryst. Doarpsbelang, de tsjerke en de ûndernimmersferiening binne oan de slach gien en oer in lytse twa moanne giet dizze winsk yn ferfolling.

Opjaan foar it boatreiske kin oant en mei 15 april fia mail l.westert@hetnet.nl of stjoer eefkes in appke nei 06-21457607. Op 25 april kinne jim opstappe tusken 13.15 en 13.30 oere fanôf de Skou wêr 't de rûnfeartboat dan lizze sil. De organisaasje hopet fansels op in moaie dei foar eltsenien mei noflik waar!


advertentie