2024-03-04 19:56:24
maandag 4 maart 2024

Moai feest mei The Bounty Hunters yn it Harspit

It wie in slagge en tige gesellige jûn mei The Bounty Hunters sneontejûn yn it Harspit. De twahûndert besikers en ek de bandleden fermakken harren poerbêst. The Bounty Hunters slaggen deryn de Top en Twelsters folop yn beweging te krijen, der waard omraak dûnse. 

Yn rap tempo folgden de nûmers mekoar dan ek op; meisjongers, covers, eigen nûmers ensfh. Tiid om te sykheljen wie der hast net, wol om gesellig in bierke te drinken mei syn allen. In moai Top en Twelster feestje foar jong en âld!


advertentie