Yn it ramt fan 75 jier befrijing sil toanielferiening Fordivedaesje ein april en begjin maaie 2020 it bysûndere stik “It Deiboek fan Anne Frank” op ‘e planken sette. Dûbel bysûnder want noch nea earder is de Fryske fertaling fan it orizjinele Broadway-stik “Diary of a Young Girl” earne binnen foar it fuotljocht brocht. En dat ûnder rezjy fan Rense Rotsma, de man dy’t sels nei New York ta reizigje moast om de rjochten foar de fertaling en útfiering yn hannen te krijen. Efter de skermen is in grutte ploech spilers, dekorbouwers en oare opteine frijwilligers al moannenlang mei de tariedings yn it spier. It mist eins net dat it in grut sukses wurde sil.
Utstel
Yn april fan dit jier ha wy fanwegens de Coronapandemie beslute moatten ús útfieringen fan “It Deiboek Fan Anne Frank” út te stellen foar ûnbepaalde tiid. Wy hiene goede hoop dat wy yn de maaitiid fan 2021 foar jim spylje kinne soenen.
De ûntjouwings omtrint Corona binne lykwols sa dat wy gjin kâns sjogge meikoarten wer útein te setten mei de rippetysjes sûnder dat ús spilers gefaar rinne op besmetting. Ek is it tige ûnwis oft wy takom maaitiid al wer foar folle sealen spylje meie.
Wy ha dêrom besletten it kommend winterskoft gjin foarstellings ta te rieden en de útfieringen fan ‘It Deiboek fan Anne Frank” fierder út te stellen, yn elts gefal oant de maaitiid fan 2022.
Mar … dit útstel is gjin ofstel! Jo kaartsje bliuwt jildich dus bewarje it goed!
Mei freonlike groetnis,
Toanielferiening Fordivedaesje
Toppenhuzen & Twellingea
It Deiboek fan Anne Frank
http://www.fordivedaesjetopentwel.nl
"Fordivedaesje" speelt op 23 en 24 april 2020 en 2, 3 en 4 mei 2020 het bijzondere stuk
"It Deiboek fan Anne Frank".
Leden van de toneelvereniging kunnen hun kaarten reserveren op woensdag 11 en donderdag 12 december 2019 van 19:00 uur tot 21:00 uur in MFC "It Harspit" in Oppenhuizen.
De vrije kaartverkoop start op vrijdag 13 december 2019 via onze website.
"Fordivedaesje" spilet op 23 en 24 april 2020 en 2, 3 en 4 maaie 2020 it bysûndere stik
"It Deiboek fan Anne Frank".
Leden van de toanielferiening kinne harren kaarten reservearje op woansdei 11 en tongersdei 12 desimber 2019 fan 19:00 oere oant 21:00 oere yn MFC "It Harspit" yn Toppenhuzen.
De frije kaartferkeap set út ein op freed 13 desimber 2019 fia ús webside.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.fordivedaesjetopentwel.nl
Kinderen uit Top en Twel en omgeving kunnen dinsdagmiddag 4 augustus gratis deelnemen aan Beweegbus On Tour . De activiteit vindt plaats vanaf 13.30 uur bij CBS It Harspit en is bedoeld voor...
In poerbêst begjin foar it Top & Twelster-skûtsje; snein einigen ús doarpsgenoaten as fjirde yn de C-klasse fan it IFKS-skûtsjesilen op it Iselmar by Starum. Nei in...
Op zaterdag 5 september 2026 doet Voedselbos Oppenhuizen mee aan de landelijke Open Voedselbossendag, een initiatief van Boer&Buur met Natuur en de Friese Milieu Federatie
De bemanning fan it Top&Twelster-skûtsje is fannemoarn op wei gien nei de Iselmar by Hylpen, wêr't moarnier, op sneon 1 augustus, de IFKS-sylwike úteinset.
Twee bedrijven, de ene uit Sneek en de andere uit Oppenhuizen, bundelen hun krachten in een nieuw experience center. Kiddi van Marijke de Vries en RPM3D van Remco van der Meer openen op zaterdag 1...
De basisschoolkinderen zijn met vakantie, maar dat wil niet zeggen dat er niets gebeurt in onze school-kerktuin. De natuur is hard aan het werk en levert onder andere een kruiwagen vol aardappelen.
De aanleg van de doorfietsroute tussen Sneek en Joure krijgt dit najaar een vervolg. De voorbereidingen zijn inmiddels gestart en naar verwachting beginnen de eerste werkzaamheden begin oktober....
Volleybalvereniging Top & Twel zoekt een enthousiaste trainer voor een groep van 9 meiden van 8 en 9 jaar, die vanaf september gaan spelen op VolleyStars Level 4. De training is op woensdag...
De Broeresleatbrêge hat snein opnij te krijen hân mei in technyske steuring. De steuringstsjinst fan de gemeente Súdwest-Fryslân moast yn aksje komme om de...
Van maandag 7 september tot en met vrijdag 25 september 2026 is een deel van de Stadsrondweg Oost in Sneek afgesloten voor al het doorgaande verkeer. De afsluiting is noodzakelijk vanwege...