Toanielferiening "Fordivedaesje"

Toanielferiening "Fordivedaesje"

Fordivedaesje” bloeit al mear as 45 jier.

De feriening is oprjochte yn 1977 troch twa tûke spilers yn Top & Twel: Douwina Bouwhuis en Uiltje F. de Jong. In jier letter koe it earste stik opfierd wurde: “Lok wat jouwste”. Waarden der yn it begjin noch meast blijspullen foar it fuotljocht brocht, yn ‘e rin fan’e tiid kamen der ek serieuzere stikken oan bar. En benammen dêrmei hat de feriening in soad eare ynlein.

Der binne in soad leden, spyljende leden en donateurs en der komme stadichwei nije leden by.

By de jierlikse toanielkriich fan Stifting Amateurtoaniel Fryslân slagge it Fordivedaesje Top & Twel tusken 2010 en 2014 troch te brekken fan de leechste nei de heechste klasse. Yn 2010 promovearre sy fan de 3e nei de 2e klasse mei “De Trije Einepiken”, yn 2012 nei de 1e klasse mei “Ien fleach oer it koekoeksnêst” en yn 2014 kaam de bekroaning mei promivaasje nei de ‘by útstek’-klasse mei it drama “Sneinsbern”. Heech skoarde de feriening ek mei “De Ytkeamer” (2016) en it grutte iepenloftspul “De Striid”, wêr’t de leginde oer it ûntstean fan it twillingdoarp yn útbylde waard, krige yn 2017 priizgjende kritiken fan de parse.

En yn 2022 in wiere premiêre: Fordivedaesje Top & Twel is de earste toanielferiening dy’t “It Deiboek fan Anne Frank”, de Fryske oersetting fan it Broadway-stik “Diary of a Young Girl”, binnen op it toaniel útfiert hat. Ek noch ûnder rezjy fan Rense Rotsma, de man dy’t nei New York ta reizgje moast om de rjochten hjirfoar los te krijen en yn Deinum Gouden Gurbes wûn mei syn bewurking as iepenloftspul.

De filosofy fan de feriening is “foar it doarp en mei it doarp”. Dat wol sizze dat oan de fraach nei loftige kluchten noch altyd mei likefolle nocht foldien wurdt as oan it delsetten fan in psychologysk drama. It betsjut ek dat net altyd mei deselde spilers wurke wurdt, wat fansels ta mear ûnderfining en hegere aktearprestaasjes liede soe, mar dat hieltyd wer oare spilers in kâns krije op it toaniel. Troch dy ynstek binne der bytiden ûnferwachte peareltsjes fûn.

Om ek de nije generaasje sa folle mooglik by it toaniel te belûken wurde der in protte ienakters spile mei spesjale rollen foar jongerein. Fordivedaesje is dan ek ien fan de Fryske toanielferienings mei de measte jonge spilers op’e list.

It bestjoer

Toanielferiening "Fordivedaesje" is oprjochte yn 1977. In jier letter koe it earste stik opfierd wurde en dat wie: 'lok wat jouwste'.

It oprjochtingsbestjoer bestie út Wietse Hoekstra, foarsitter. Douwina Bouwhuis, ponghâldster en Uiltje F. de Jong, skriuwer.
In jier letter is Klas Hofstee skriuwster wurden.

De feriening bloeit noch altyd, al mear as 45 jier.

Der binne in soad leden, spyljende leden en donateurs en der komme noch altyd nije leden by.

Wolle jo ek graach lid wurde, meld jo dan oan by ien fan de ûndersteande bestjoersleden of mail nei secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

It bestjoer bestiet op dit stuit út de folgjende persoanen:

  • Mirjam van der Meer
  • Cory Fabriek
  • Herman Rijpkema
  • Hans Rink Bergsma

Toaniel Histoarje

Hjirûnder bin alle stikken werom te finen die wy op de planken brocht ha. (Hawwe jo mear informaasje of foto's, lit it ús witte.)

Jier Titel Genre Skriuwer Rezjy
         
         
2022 It Deiboek fan Anne Frank Drama Frances Goodrich / Albert Hackett Rense Rotsma
2020 Farao Aromat II Ienakter A. de Vries / M. de Groot / K. Visser Jan Overwijk
2020 Groetnis fanôf it Amelân Ienakter J. Vriens Wolter Overwijk
2019 De laits fan Izebaits Blijspul A. Bremer Mirjam van der Meer
2017 De Striid Iepenloftspul Paul van Dijk / Jurjen Faber Fordivedaesje
2016 Belje dokter Ienakter Anja Steegstra Mirjam van der Meer
2016 Op fekânsje Ienakter A.Pander Jan Overwijk
2016 tom tom Ienakter A.Pander Jan Overwijk
2016 de ytkeamer Drama A.R Gurney JR Wiesje Jansma
2015 Wat binne wy moai fourt blijspul Diana Monshouwer Geartsje Hoekstra
2014 Stille gast Ienakter Rob Boudestein Mirjam v/d Meer
2014 Werom Ienakter Freddie Reijenga Mirjam v/d Meer
2014 Spoeken bestean net Ienakter C. Berends - Schel Wolter Overwijk
2014 Sneinsbern Drama Bob Larbey Freddie Reijenga
2013 Serenade ienakter MROZEK, Slawomir Wolter Overwijk
2013 Elk foar him sels ienakter Anders Rozendal Geartsje Hoekstra
2013 de Goate blijspul T. Davids U.F de Jong
2013 Gaswacht ienakter J.J Hijma W.Overwijk
2013 Kofje of tee ienakter G. Groot Karsijn T. de Vries / J.Visser
2012 Ien fleach oer it koekoeksnêst drama Dale Wasserman Wiesje Jansma
2011 Reisburo exodus blijspul/ienakter F.Jaasma W.Overwijk
2011 in soer puddinkje blijspul/ienakter  Pat Cook M.Hoekstra
2011 dat ha jo goed sketten Blijspul Derek Benfield U.F.de Jong
2010 www.willem.nl blijspul/ienaktier Froukje Popma W.Overwijk
2010 Friens of de filippijnen blijspul/ienakter Froukje Popma G.Nijholt-Hoekstra
2010 De trije einepiken skriller Agatha christie U.F.de Jong
2009 Sa fest as in hûs Blijspul Pyt de Vries G. Nijholt-Hoekstra
2009 Frijheid blijspul/ienakter  Dooitze Nauta  M.Hoekstra
2009 Medysk sintrum betterskip blijspul/ienakter Froukje Popma W.Overwijk
2008 Boerebûnt en reade lampen klucht Carl Slotboom U.F.de Jong
2007 En doe waard it kryst musical Geartsje Nijholt-Hoekstra G. Nijholt-Hoekstra
2007 Dubel ferhierd blijspul   D.Bouwhuis
2006 In skûle yn 'e nacht skriller George Batson U.F.de Jong
2005 It winnende lot blijspul Wietse Hoekstra U.F de Jong
2005 Op 'e knibbels Ienakter   W Overwijk
2005 Oansteande famylje Improfisaasje Jan Hager G. Haaksma
2004 Frou en faam blijspul Jacques Deval  G.Haaksma
2004 Godskes in gabber  Ienakter  Anne Coulter Martens  
2004 Operaesje 65  Ienakter Max Andrea  
2003 Inkele reis noardpoal  blijspul Carl Slotboom  
2003 Wachtsjend wetter  drama Ytsje Hettinga  
2002 De gouvernante fan froubuorren  blijspul J.hemmink-kamp  
2001 It perron  blijspul Froukje Annema  
2001 Moard in 'e klaaikeamer  blijspul/skriller Jannes Bosker  
2000 Net te beteljen sa'n leadjitter  blijspul Hans van Wijngaarden  
 1999 Treast mei suker en molke  blijspul/drama Froukje Annema  
1998 De erven fan muoike Gerritsje      
1997 Haitinck mei ck      
1996 Berend past op 'e slach  blijspul Minne de bildt  
1995 Kakkers en Aso's improfisaasje    
1995 Wite Wytske en de wrotters      
1994 Ferkeard beteard  blijspul Jan Keulemans  
1994 Oppasse (jeugd)  blijspul Baukje v/d Ploeg  
1994 Sa hat it sitten  klucht Aad Caspers  
1993 Wat in heide, Heite (jeugd)  drama/blijspul roel Klompmaker  
1993 Kain      
1992 Skoalleferhaal      
1992 De oefenromte      
1992 Piters prik,prikelet probaat (jeugd)      
 1991  It Yntervieuw ( jeugd)      
 1991  Simmerdepresje      
 1990 As it bloed mar blau is      
1990 In hûs mei in hûshâdster ienakter    
1989 Better let as net      
1988 Op bleate fuotten      
1987 Albidil      
 1986 Under wetter      
1986 Anke springt yn 'e bûtehaven      
 1985 Hoe riker hoe briker      
 1984 Krús of Munt      
 1983 Ynbrekster betrape      
 1983 Toanielen om juwielen      
 1982 In Heidepyk      
 1982 De Strikspjelde  Ienakter    
1981 Reboelje op Rispingestate      
1981 Serenade foar Beits      
 1980 Stoarm oer lyts Mankum      
 1980 Op 'e knibbels  Ienakter    
 1979 Spesjaliteit fan it hûs      
 1979 Spoar bjuster      
 1978 Lok wat jouwste