2023-02-28 13:00:57
dinsdag 28 februari 2023

Nijs fan ‘Toanielferiening Fordivedaesje’

Earder ha wy oankundige dat wy yn maart 2023 in Ienakterjûn hâlde woenen. It doel wie om dan twa fleurige ienakters foar jim foar it fuotljocht te bringen. Spitigernôch binne wy der net yn slagge op ‘e tiid genôch spilers te finen om alle rollen fan dy ienakters yn te foljen. Wy hawwe dêrom besletten dizze Ienakterjûn troch te skowen nei novimber 2023.

Toanielferiening Fordivedaesje hat in soad leden mar dêr kin altyd mear by, sawol spyljende leden as donateurs. Ek it bestjoer soe wol wat help brûke kinne. As jo noch nét lid binne en/of jo tinke: “Dat is ek wol wat foar my, ik soe ek wolris spylje wolle of ik soe it bestjoer wol helpe wolle”, dan heare wy dat hiel graach fia in mailtsje nei secretariaat.fordivedaesje@gmail.com of in tillefoantsje nei 06-18631689.

Utnoeging Ledegearkomste 
Op tiisdei 28 maart 2023 om 20:00 oere yn It Harspit hâlde wy de ledengearkomste fan ús feriening. De wurklist fine jo op de Aginda fan Topentwelonline.

Fansels rekkenje wy op jim kommen, graach oant dan!

It Bestjoer



advertentie