2023-11-02 14:23:59
donderdag 2 november 2023

Toanielferiening Fordivedaesje spilet kommend winterskoft ... net

Wy hienen hiel graach dit jier opnij in moai tonielstik oankundigje wollen. It is hiel spitich mar wy krije it net foar elkoar genôch minsken te finen foar álle rollen en taken yn it stik dat wy foar eagen hienen.

Dat wy ha beslute moatten it stik foar dizze winter ôf te blazen.

Fansels hoopje wy yn de neie takomst wol wer in folsleine ploech te finen want Top en Twel kin fansels net sûnder toniel!

As jo it dêr mei iens binne en jo kinne en wolle ús helpe as spiler, regisseur, ynstekker, tonielbouwer, technikus, klaaier, grimeur, bestjoerslid, manusje-fan-alles, ensf .....  dan wolle wy dat hiel graach witte.  Stjoer dan in mailtsje nei secretariaat.fordivedaesje@gmail.com of in berjochtsje yn Whatsapp of in tillefoantsje nei  06-51068340 (Hans Rink Bergsma).

Oant sjen en groetnis fan Toanielferiening Fordivedaesje



advertentie