2020-12-27 13:10:04
zaterdag 26 december 2020

Meardere farianten om de ferkearsfeiligens op de rotonde Snits te ferbetterjen

Healwei desimber is der mear dúdlikens kommen hokker oplossings helber binne om de ferkearsfeiligens op de grutte rotonde fan Snits te ferbetterjen. No streamt mei nammen yn de jûnsspits de rotonde fol, werby der gefaarlike sitewaasjes ûntsteane foar it wachtsjende ferkear oan wjerskanten fan de rûnwei N7.

Foar it autoferkear is in mooglike oplossing it ferlingjen fan de ôfrit oan de kant fan de Lorentzstrjitte mei in ekstra ôftakking rjochting it yndustrieterrein. Mar ek ekstra of nije rydstroken om it ferkear út mekoar te lûken en better trochstreame te litten binne ûndersocht.

Foar it fytsferkear dat no de drokke rotonde oerstekke moat, wurdt tocht oan it ferlizzen fan it fytspaad oer it Houkeslootakwadukt of ûnder de A7 by de Broeresleat lâns. Dan soene de fytsers troch it Rasterhoffpark moatte. Mar in fytsbrêge of -tunnel binne ek mooglike opsjes.

Al mei al binne der no trije farianten dy't de measte kâns fan slagjen meitsje. Dizzen wurde troch de gemeente fjirder útwurke.


advertentie