Meastentiids binne se mei har seizen, mar ek wolris mei sân as acht persoanen. It moaie is dat der in stok efter de doar is om sawiesa ien kear yn 'e wike noflik te bewegen. En it sosjake kontakt is ek tige wichtich. It tempo is net heech, kom der dus by!

Kuierje mei troch it Rasterhoffpark
Wolst ek lekker oan de kuier? Eltse moandeitemiddei - as it waar it talit - start om 13.30 oere in groepke kuierders fanôf it parkearterrein fan TOP'63 foar in kuier troch it Rasterhoffpark. Mei as sûnder Nordic walking stokken rint it groepke sawat in oere.