2025-05-27 19:47:24
dinsdag 27 mei 2025

Noardein & It Ges al 'XXL' yn it spier foar de doarpsfeesten!

Oer goed twa wiken giet it alwer los mei ús doarpsfeesten, diskear yn in XXL-fersje. Dat betsjut dat alle buurten yn ús doarpen sa njonken lytsen flink yn it spier moatte, lykas It Noardein & It Ges wêr't se al drok dwaande binne mei de tariedings nei't de subthema's bekend makke binne troch de Oranjeferiening Top & Twel. 

Foar it Noardein en it Ges is dat thema 'Western', mar hoe at dat der út komt te sjen, dat bliuwt noch wol geheim. Dêrfoar moatte de minsken mar delkomme yn it de moaiste stikje fan ús doarpsstreek. 

De Doarpfeesten XXL binne fan 12 oant 15 juni. En sa lang at oare buurten neat fan harren hearre litte is de 'pole position' foarearst foar it Noardein & it Ges, wêr neffens de buurtcaptains it mei-elkoar yn it spier wêze al foar in moai stikje ferbining soarget. De Buurtapp begjint al folop te draaien!


advertentie