Klik op de link nijsbrief om dy fuortendaliks oan te melden! Namme en e-mailadres binne genôch. Wol sa maklik!

Gemeente SWF komt mei fernijde nijsbrief
Gemeente Súdwest-Fryslân ropt ynwenners op om harren oan te melden foar de fernijde Nijsbrief Súdwest-Fryslân. Yn sa'n grutte gemeente mei rom 90.000 ynwenners is it wichtich dat nijs en ynformaasje oer gemeentesaken by safolle mooglik ynwenners telâne komt. No binne it foaral de wyk- en doarpsbelangen dy't in abonnemint hawwe, mar de digitale nijsbrief, dy't eltse moanne ferskynt, is ek bedoeld foar de ynwenners.