Op de Afkelânsdyk stie al it grof geskut op in rige opsteld en dat luts oer de hiele dei wer in soad taskôgers nei de lokaasje. In tinte en fjoerkuorren soargden dat it foar eltsenien behaachlik wie.
Yn de rin fan de middei kaam noch in delegaasje fan BBB Fryslân del mei in kratsje bier en in flaubyt foar de dielnimmers. Sy wienen hjoed op 'karbydtoer' troch ús provinsje en Top en Twel stie as ien fan de tsien lokaasjes op de list.