2021-01-18 17:36:09
maandag 18 januari 2021

'De Trots van Sneek'

It populêre televyzjeprogramma 'Heel Holland Bakt' fan Omroep Max is healwei en ús doarpsgenoat Eric Jongsma sit er noch gewoan by. Dêr binne net allinnich wy grutsk op, ek ús buorren út Snits sille juster glimkjend fan grutskens foar de televyzje sitten hawwe. Eric slagge der yn in replika fan net minder as de Snitser Wetterpoarte yn de lêste bakopdracht te ferwurkjen.

Dit keunstwurkje en foaral ek de oerhearlike Fryske sûkerbôle foel tige yn de smaak fan de sjuery. Eric troch nei folgjende wike en Snits wer hielendal op de kaart. In pracht fan in boppeslach! Wy sjogge no alwer út nei takom snein. Jim ek?

Foar alle thúsbakkers: 
It resept fan de 'De Trots van Sneek' is te finen op de webside van Heel Holland Bakt. 

 

(Foto: heelhollandbakt.omroepmax.nl)


advertentie