2021-01-30 13:42:00
zaterdag 30 januari 2021

Lockdown Run troch it doarp

Fysiowymbrits hat in moaie manier betocht om der yn dizze lockdown op it gebiet fan sport en beweging dochs it bêste fan te meitsjen. Foar de kommende wiken is der nammentlik troch Toppenhuzen in ‘Lockdown Run’ útsetten.

De rûte is geskikt foar jong en âld en bestiet út útdaagjende oefeningen. It is de bedoeling dat der in QR-code scant wurdt by de punten dy’t op it kaartsje oanjûn binne om dêrnei de byhearrende oefening te dwaan. It makket neat út wêr’t starten wurdt, mar krekt wat it bêste útkomt. Elke tongersdei wurde de oefeningen fernijd dus alle wiken in nije útdaging.
Dielname is op eigen risiko en fansels net ferjitte de RIVM maatregels yn acht te nimmen.

Alle wille en sukses dermei!

Wa’t gjin QR-code scanner foar hannen hat of net yn ‘e gelegenheid is de rûte te folgjen kin op www.fysiowymbrits.nl ûnder it kopke ‘oefeningen’ sjen wat de bedoeling is en dêr thús mei oan ‘e gong gean.


advertentie