2021-02-06 15:04:37
zaterdag 6 februari 2021

Sniepop Challenge yn Top en Twel?

Neffens de ‘minsken fan it waar’ is der in útsûnderlike sniestoarm ûnderweis dy’t in histoarysk dikke laach snie foar ús yn petto hat. No hat net elkenien dêr ferlet fan, mar earlik is earlik: foar de bern is it fansels prachtich moai boartersguod!

Fan ien fan ús lêzers kaam it idee om in oprop te dwaan wa’t de moaiste, grutste, meast orizjineel (of fol mar fierder yn) snieman/frou of -figuer meitsje kin.
By dizzen dus! Want hoe leuk soe it wêze at in grut part fan it doarp fol stiet mei kreaasjes fan snie? Dan wurdt it deistich kuierke troch de streek in hiel ein aardiger; grif moai om te sjen wat der makke is en miskien noch by makke wurdt.


advertentie