2021-02-18 11:59:50
donderdag 18 februari 2021

Kapsalons yn aksje tsjin de coronamaatregels

Mei de aksje #lichtvoordathetuitgaat raze de kappers om help en oandacht! Harren situaasje is tige oangripend; de doarren fan de kapsalons binne al in te grut skoft op slot en de finansjele stipe fan de oerheid is lang net tarikkend. 

Fan ‘e jûn tusken 18:00 en 20:00 oere sille yn hiel Nederlân de ljochten brâne yn de sluten salons. De kappers wolle op dizze wize sjen litte dat hja foar harren klanten it ljocht oandogge foardat dit net mear mooglik is. Se fjochtsje foar harren bestean en wolle oan it wurk, ek omdat se witte dat de klanten op harren wachtsje. Troch de social media kanalen ‘fol’ te setten mei foto’s fan de ferljochte tichte kapsalons hoopje de kappers dat harren skreau om help ek troch de polityk heard wurdt.


advertentie