2021-05-04 10:02:19
dinsdag 4 mei 2021

Dorpentocht 316

Mei it symboalyske krús fan Jezus is op 5 april de Dorpentocht 316 fan de stifting Unite in Christ fan start gien. It doel fan dizze kuiertocht tusken Peaske en Pinkster is om ûnderweis troch it noarden fan Nederlân de minsken te ferbinen yn hoop en leafde.
 

Oankommende sneon (8 maaie) sille hja tusken 15:00 en 15:45 oere ús Top en Twel oandwaan. Elkenien is fan herte wolkom in eintsje mei te kuierjen, mar it is wol saak dat dan yn it foar opjefte dien wurdt by de stifting.

Foar opjefte en mear ynformaasje kinne jo telâne op de website fan Unite in Christ. 


advertentie