2021-05-07 16:56:06
zaterdag 8 mei 2021

Fernuvering oer bouryp meitsjen sinnepanielengreide; wurk foarearst stillein!

Ofrûne wike is yn opdracht fan Powerfield uteinsetten mei it bouryp meitsjen fan it sinnepanielenpark by de Broeresleat tusken de A7 en de Nije Dyk. En dat wylst it fergunningetrajekt noch rint. Koartlyn hat Doarpsbelang noch in sjenswize yntsjinne tsjin it plan.

Dit smyt fragen op fansels. Dêrom hat FNP riedslid Tsjerk Bouwhuis it Kolleezje fan B&W skriftlik frege om dúdlikens te jaan oer de gong fan saken. En dat hat fertuten dien. De wurksumheden binne foarearst stillein oant de fergunning ferliend is.

Sawol Tsjerk as Doarpsbelang litte witte dat it noch oant 12 maaie mooglik is beswier te meitsjen tsjin de oanlis fan de sinnepanielen op dizze greide. Alle stikken binne yn te sjen yn it gemeentekantoar fan Snits.

Sa as bekend, is der yn ús doarpen gjin draachflak om diel te nimmen yn de sinnepanielengreide.

https://zoek.officielebekendmakingen.nl/gmb-2021-99201.html

 


advertentie