2021-06-12 12:26:58
zaterdag 12 juni 2021

Iepening Kymfjild lûkt in soad folk

Under grutte belangstelling is fannemoarn it sport- en beweechparkje 'It Kymfjild' feestlik iepene. Nei it offisjeel ûntbleatsjen fan it wolkomstboerd koe jong en âld meidwaan oan ferskate workshops. 

Mar ek kamen in protte minsken del om eefkes te sjen, foar in bakje en in praatsje. Sa wie it in gesellige en gemoedlike moarn ûnder in noflik sintsje. En dêr is It Kymfjild no krekt foar bedoeld.

It begjin fan It Kymfjild betsjut de ein fan de wurkgroep Top en Twel Yn Beweging. Dizze wurkgroep hie as doel om de Top en Twelsters 'yn beweging' te krijen en dat is op alle fronten slagge. No is it oan de ferienings en de minsken sels om dit fierder troch te setten.


advertentie