Gelokkich hawwe de 'poepen' wol de stille kant fan De Gravinnepoel útsocht, op ôfstân fan alle wetterwille. Sa hoege de swimmers dizze merkels (markols) net yn it paad te sitten. Romte genôch!

Drokke tiid foar merkel-pearke yn De Gravinnepoel
Troch it moaie waar is it mei de rêst wol wat dien foar dizze merkels. Sy hawwe fan it maitiid as briedplak in reidpôltsje yn ús swimplak De Gravinnepoel ta harren eigendom útroppen en binne no drok dwaande de kroast te fuorjen en sa beskermjend mooglik op te fieden.