2021-06-15 18:56:23
woensdag 16 juni 2021

Reis nei it gelok!

In muzykfoarstelling troch nij muzikaal talint út de regio

Mienskipsorkest Top en Twel hat de earste repetysjes mei in soad entûsjasme oppakt. Fersterke mei de Nij Talint muzikanten út De Legeaën is it in hiele ploech. Nei de simmerfakânsje jout dit orkest syn earste foarstelling foar publyk! En wat foar foarstelling!

Op sneon 18 septimber om 19.00 oere bringe Mienskipsorkest Top en Twel en de kollega-muzikanten fan Mienskipsorkest Wâldsein de muzykfoarstelling ‘Reis nei it gelok’. Dit sil plakfine op it bûtenterrein by It Harspit. Mei dizze foarstelling wolle we jim de magy fan it meielkoar muzyk meitsjen erfare litte. En dat elkenien dat kin.

Mei Henk van der Veer, leuke ferrassings en as it knypt dogge de Top en Twelsjongers ek mei. It wurdt in foarstelling dêr’t jim as publyk in rol yn ha, dus set it yn de aginda en kom allegear! Hâld foar mear ynformaasje Topentwelonline, it Sneeker Nieuwsblad en de sosjale media yn de gaten.



advertentie