2021-07-23 20:27:35
vrijdag 23 juli 2021

De politike ambysjes fan Pier Visser

Yn 2022 binne der gemeenteriedsferkiezings en foar de PvdA stiet Pier Visser (Tsjerkebuorren) op nûmer 4 fan de list. It partijbestjoer fan de PvdA Súdwest-Fryslân sjocht ús 27 jierrige doarpsgenoat as in grut jong polityk talint.

De lokale polityk hat altyd al Pier syn ynteresse hân en is, mei troch syn bestjoersfunksje by Doarpsbelang, allinnich mar grutter wurden.

Pier wol him foaral ynsette foar de wenningbou yn ús gemeente. Ek yn eigen doarp sjocht hy dat der gjin wenningen binne foar de jongerein en dat moat oars. Mar ek foar âlderen en starters moatte der mear betelbere wenningen komme.

Oan ambysjes gjin gebrek. En dat sille se by de PvdA-SWF ek tocht hawwe, want as nûmer fjouwer op de list komme, sil net foar neat wêze. Hooplik foar Pier kin hy takom jier mei de ferkiezings genôch stimmen byinoar garje foar in sit yn de gemeenteried.
 

(Op de foto Pier links, yn it spier foar Doarpsbelang)


advertentie