2021-07-25 11:39:55
zondag 25 juli 2021

Hanneke Westert ljept alle froulju foarby!

Ferline wykein ferbettere fierljepster Hanneke Westert noch har persoanlike rekôr mei in sprong fan 15.60 meter en justerjûn yn Drylts wûn Hanneke (15) op 'e nij de wedstriid by de famkes.

Op de eigen skânsen yn Drylts wie Hanneke net allinnich de bêste by de famkes, ek de froulju koene net foarby de 14.77 meter fan Hanneke komme. Dêrmei lit ús doarpsgenoate sjen dat sy op it stuit yn topfoarm is. By de famkes stiet se no stiif oan kop yn it klassemint.

Foar de kamera fan Omrop Fryslân fertelt Hanneke tige wiis te wêzen mei de resultaten fan de lêste wiken. Hooplik bliuwt de goede foarm en kin Hanneke harsels noch in oantal kear ferbetterje dit seizoen.


advertentie