2021-07-31 11:46:13
zaterdag 31 juli 2021

Tsjerketsjinst begjint snein letter

At jo moarnier nei de preek ta wolle, hâldt der dan rekken mei dat dizze net om 9.30 oere, mar om 11.00 oere begjint. Rom de tiid diskear dus om thús earst eefkes in bakje te dwaan.

It lettere tiidstip hat te krijen mei de beskikberens fan de predikant. Foargonger fan dizze tsjinst yn de Johannestsjerke is ds. Christien Ferrari fan De Jouwer. De opbringst fan de kollekte sil gean nei de stichting 'Ramon scoort tegen kanker'.

Snein 1 augustus, 11.00 oere. 

Jo binne wolkom! 


advertentie