De sifers binne ymposant: 240 goals yn sa'n 750 wedstriden foar it earste fan TOP'63. Wy kinne der no wol fan út gean dat dêr net ien mear oan komme sil. Justerjûn spile Atze mei in seleksje fan (âld) ploegmaten syn ôfskiedswedstriid. En ek hjir pakte Atze syn goaltsje noch eefkes mei.
Nei ôfrin makke it bestjoer bekend dat Atze beneamd is ta lid fan fertsjinste fan TOP'63. Neffens foarsitter Pier van der Meer is Atze in echte clubman, in foarbyld foar elkenien en in ambassadeur foar de feriening. Atze bliuwt foarearst noch wol fuotbaljen foar de club út Top en Twel, mar dan by de 35+.
(Foto: Atze 'Das Phantom' Atsma op de skouders fan syn (âld) teammaten)