It materiaal foar al dizze kreaasjes hellet se foaral út de natuer fan Scandinavië. Dat begûn jierren lyn mei in lyts stikje driuwhout mar tsjintwurdich giet der al in oanhingwein efter de kamper om al dy bysûndere stikken hout wer mei werom te nimmen. “Ik sjoch de foarm en dêr meitsje ik wat moais fan.”
Janny de Jong yn Hea!, Omrop Fryslân, fanôf 17:15 oere

Janny de Jong yn Hea!
Janny de Jong (Noardein) is hjoed te sjen yn it programma Hea! fan Omrop Fryslân. Se fertelt dêryn oer har passy foar driuwhout. Dy passy mei dan yn Top&Twel sa njonkenlytsen wol by hast elkenien bekend wêze; Janny har keunstwurken binne alle kearen wer in ferrassing.