2026-03-09 14:28:17

Ledegearkomste 2026 Toanielferiening Fordivedaesje

dinsdag 7 april 2026 Plaats: MFC It Harspit Aanvang: 20:00
 

UTNOEGING LEDEGEARKOMSTE TOANIELFERIENING FORDIVEDAESJE

tiisdei 7 april 2026 om 20.00 oere yn It Harspit

 

WURKLIST:

  1. lepening en meidielings
  2. Ynkommen stikken
  3. Ferslach lêste ledegearkomste en jieroersjoch
  4. Ferslach skathâlder
  5. Befinings kaskommisje
  6. Wat is de takomst foar ús feriening?
  7. Bestjoerssaken - Wa wol ús bestjoer fersterkje?
  8. Omfraach
  9. Sluting

Binne jo net yn de gelegenheid om nei de ledegearkomste te kommen mar soene jo graach ris yn in tonielstik spylje wolle dan hearre wy dat graach!  Ek as jo it tonielspyljen net sa sitten sjogge mar jo wolle ús helpe as regisseur, ynstekker, tonielbouwer, technikus, klaaier, grimeur, manusje-fan-alles, ensfh … dan wolle wy dat hiel graach witte.

Stjoer dan in mailtsje nei secretariaat.fordivedaesje@gmail.com of in berjochtsje yn Whatsapp of in tillefoantsje nei  06-51068340 (Hans Rink Bergsma).

Binne jo net lid mar wolle jo dat graach wurde? Stjoer ek dan in berjochtsje nei boppesteand mailadres of tillefoannûmer - en kom nei de gearkomste op 7 april !

 

Achte (aspirant-) lid fan Toanielferiening Fordivedaesje

Yn maart 2023 hat Toanielferiening Fordivedaesje har oant no ta lêste Algemiene Ledegearkomste hâlden. Dêrnei is it op it mêd fan toniel yn Toppenhuzen en Twellingea foar it each stil bleaun mar efter de skermen is der wol fan alles bard.

It bestjoer hat alle war dien om nij teaterspektakel op poaten te setten, earst mei in aardich en fleurich tonielstik en letter mei in ienakterjûn. En it lêste doel wie (en is noch altyd) om in prachtich en oandwaanlik tonielstik op in skitterende iepenloftlokaasje yn de omkriten fan Top & Twel te presintearjen.

Dat keallet allegear nochal swier. Of better sein, it slagget hielendal nét: foar elk tonielstik ha jo fansels geskikte tonielspilers nedich. En ek foar de regy moatte jo in kundich persoan hawwe. Mar wat wy ek besykje, wy ha se oant no ta net allegear fine kinnen (sa sykje wy foar it iepenloftstik in regisseur én foar de froulike haadrol in betûfte spylster fan 55 – 70 jier). Dat fernuveret ús tige want wy tinke dat it yn Top & Twel noch altyd optilt fan talintfolle tonielspilers en -spylsters want dat hat altyd al sa west.

Mar misskien sitte wy as bestjoer op it ferkearde spoar? Ha wy it ferkearde stik foar eagen? Óf is it noch slimmer en is der yn Top & Twel gjin belangstelling mear foar tonielspyljen? Dat lêste wol ús hast net oan. Dat soe ek tige spitich wêze: ús feriening bestiet kommend jier 40 jier en wat soe it moai wêze as wy dat fiere kinne soenen mei in prachtich toanielstik!

Op tiisdei 7 april 2026 hâlde wy in Algemiene Ledegearkomste yn It Harspit, sjoch hjir boppe foar de wurklist. It wichtigste punt op dizze gearkomste is punt 6: Wat is de takomst fan ús feriening? Wy sitte somtiden mei de hannen yn it hier en witte net hoe’t wy fierder moatte. Ís der eins wol in takomst? Of moatte wy nei 39 jier de stekker der út lûke?

Óf falt it allegear wat ta en kinne wy ús feriening nij libben yn blaze? Sa al, dán komt punt 7 oan de oarder: Wa wol ús bestjoer fersterkje, mei nij bloed en nije ideeën?

 

Wy hoopje op in grutte opkomst fan belutsen (aspirant-)leden mei in protte moaie ideeën sadat wy wer jierren foarút kinne mei toniel yn Top en Twel!

Oant sjen op de gearkomste op tiisdei 7 april 2026

 

 

Mei freonlike groetnis,

Bestjoer Toanielferiening Fordivedaesje


advertentie