De ôfrûne wiken is der noch in bulte wurk fersetten om it skûtsje hielendal ree te krijen foar it IFKS-kampioenskip yn de C-klasse. No mar hoopje dat al die oeren tarieding harren útbetelje op it wedstriidwetter en der moaie resultaten delsetten wurde yn it kampioenskip.
Wa wit smyt dat in plakje op dat rjocht jout op promoosje nei de B-klasse. De finale is op sneon 8 augustus by De Lemmer