De kofjetafel is bedoeld as in gesellich moetingmomint foar it doarp. De ynrin is alle freeds fan 9.30 oant 11.30 oere yn de mienskipsromte fan It Harspit. Kofje en tee binne fergees. In frijwillige bydrage wurdt wurdearre. Elkenien is wolkom om oan te skowen. Binne jim derby?
De organisaasje is yn hannen fan Pietie van der Meer, Riemke Bouwhuis, Knilles Postma en Piet Eppinga.