2026-11-21 16:37:52
zaterdag 21 november 2026

Sinteklaas nei spannend aventoer feestlik ûntfongen yn Top en Twel

It wie sneontemiddei noch eefkes spannend at Sinteklaas wol op tiid yn Top en Twel oankomme soe. De hiele wike folgen alle ynwenners it Sinteklaasjoernaal op 'e foet, dêr't út bliken die dat der ûnderweis op de mar fan alles barde. It wie fanôf moandei it gesprek fan de dei yn 'e streek. Mar gelokkich kaam der in goed ein oan it aventoer. Eefkes nei trije oere kaam it skûtsje mei Sinteklaas en syn Piten oan by de Reitsmapôle oan de Tsjerkebuorren.

En wat wie it drok op de pôle! Safolle entûsjaste bern, sels doarpsboargemaster Visser wist net dat der safolle jongfolk yn syn eigen doarp wenne. Soene dy aanst allegear wol yn It Harspit passe? Mar earst naam Sinteklaas op de Reitsmapôle alle tiid om mei elkenien in praatsje te meitsjen. Dêrnei gie it yn in lange stoet rjochting doarpshûs It Harspit. Ek de heiten, memmen, pakes en beppes rûnen mei.

Gelokkich paste elkenien yn it doarpshûs, dêr't yn de sportseal it grutte Sinteklaasfeest fierd waard. Sa kaam der nei in spannende wike dochs noch in feestlik ein oan de yntocht yn Top en Twel.


advertentie