It is net de earste kear dat de brêge dit farseizoen yn steuring falt. De weromkommende mankeminten begjinne sawol by de technyske tsjinst as by brûkers fan de brêge foar argewaasje te soargjen. Fytsers en kuierders kinne net mear op brêge oan en dat soe eins net moatte. Boppedat is het net sa gastfrij foar alle toeristen dy't troch ús doarpen komme yn it drokke siimmerseizoen.
De feiligenssystemen fan de brêge binne gefoelich: by it minste obstakel gripe de sensoren yn en wurdt de brêge fuortendaliks stilset. It soe al skele at de boatsjefarders har better oan de regels hâlde. Die binne dúdlik: grien ljocht betsjut trochfarre, read betsjut wachtsje. Mar dat is foar guon te kompleks, dus groeit de fraach oft der net mear nedich is as allinne it opnij opstarten fan it systeem. In brêgewipper miskien?