2020-11-30 17:10:15
maandag 30 november 2020

Durk de Jager Trijebannetoernoai foarearst útstelt

It Durk de Jager Trijebannetoernoai wurdt foarearst útstelt. Dit grutte biljertoernoai fynt altyd plak yn jannewaris/febrewaris yn kafee De Buorren, mar dat komt spitigernôch no te betiid. 

Mocht de sitewaasje omtrint corona ferbetterje dan wurdt besjoen at it biljerttoernoai yn it foarjier spile wurde kin. 'Dizze opsje hâlde we iepen en dêrmei hâlde we hoop dat it dan wol kin', sa lit it bestjoer witte! 


advertentie