2022-02-13 20:18:54
zondag 13 februari 2022

FNP-listlûker Tsjerk Bouwhuis: “Ik fiel my mear folksfertsjintwurdiger”

De gemeenteriedsferkiezings fan 16 maart binne kommendewei. De kampanjes binne útein set, dus kinne jim de lokale politisy oeral tsjinkomme yn ús gemeente.

FNP-listlûker Tsjerk Bouwhuis út Top&Twel wie sneintemoarn te gast yn it Nijsfoarum 'Buro De Vries' fan Omrop Fryslân. Tsjerk soe graach sjen dat de FNP yn it kolleezje fan SWF komt en wer meibestjoere kin, mar sels hat er net de ambysje om wethâlder te wurden. "Ik fiel my mear folksfertsjintwurdiger", sa lit Tsjerk witte. 

Fierder ferwachtet Tsjerk dat de ferkiezings foaral gean sille oer de krisis op de huzemerk. "Dêr moat echt wat barre".

De podcast fan it nijsfoarum Buro De Vries mei Tsjerk fine jim op de webside fan Omrop Fryslân. Hjir kinne jim de útstjoering werom harkje.

 


advertentie